3 Jan 2017 Ferado

Utfiering 2017

Yn maart 2017 wurdt it stik “Fantasten en Stjonksyskes” opfierd yn ús Gebou.
It is in klucht yn trije bedriuwen fan Bernd Gombold en de Fryske overzetting is fan Hub Fober.
Op sneontejûn 11 maart is de 1e útfiering.
De oare twa útfieringen binne op sneontemiddei en sneontejûn 18 maart.

Leden fan de Fryske Krite Boalsert betelje € 5,= foar in kaartsje.
Foar net leden is de priis € 10,=.

Foarferkeap is op tongersdei 9 maart o.s. fan 19.00 oant 20.00 oere yn de âlde Muziekschool, Kerkstraat 30.

7 Jul 2016 Ferado

1e Oerkape Iepenloftspul Fryske Krite

Yn 2016 fierde de Fryske Krite Boalsert fiif útfieringen op yn de Broeretsjerke te Boalsert.
Opfierd waard it stik “Romeo en Julia … mar dan oars”
Dizze útfieringen waarden útfierd troch in flink oantal jongeren, oanfolle mei folwoeksenen.
Der is soad oefene yn de romte fan De Bron.

Hindrik Heerschop wie de regisseur fan it âlde toanielstik, wat hy yn in modern jaske hat stutsen.
Tidens dizze útfieringen fersoarge de band “Just Us” it muzikale diel en op de sneontejûn brochten hja un soad sfear yn de tinte, hokker foar de Broeretsjerke wie delsetten.
De catering waard fersoarge troch Jacob Zijlstra fan ESB Catering en MHB Events Facilities fersoarge it ljocht en lûd.
Troch Piet van der Werf – tegearre mei Sietze Ferwerda en Atte Veenstra – waard in in skitterjend dekôr makke, wêrfan Janey Robertson it achtergronddoek skildere.
De foarferkeap fan dit hiele barre rûn fia de Hema yn Boalsert.

It ynisjatyf waard stipe yn in brief fan oanbefeling troch Sander de Rouwe, (Deputearre Provinsje Fryslân), Hayo Apoteker (Boargemaster Sûdwest Fryslân) en Foppe de Haan (trainer/coach Sportclub Heerenfean).

Mei de stipe fan ferskate Stiftingen, sponsoaren en Freonen fan de Fryske Krite Boalsert is it finansjeel helber wurden om dizze útfieringen op de planken te bringen.

De Fryske Krite Boalsert hat mei dizze útfiering Boalsert op de kaart set, mar ek de toanielferiening nij libben yn geblazen.
Wy kinne weromsjen op in prachtich evenemint, wat mei gâns frijwilligers is útfierd.

5 Apr 2016 Ferado

Repetitie in de Broeretsjerke

Tiisdeitejûn 5 april 2016 waard der foar it earst repeteerd yn de Broeretsjerke.
Der wurdt hurd wurke troch de ploech om der wat moais fan te meitsjen.
In miks fan jongeren en folwoeksenen ûnder lieding fan regisseur Hindrik Heerschop.

Op snein 22 maaie waard der opnei repeteerd in de tsjerke. No stoen it decor der.

DSCF6316 DSCF6314

27 Mar 2016 Ferado

In de tarin nei …..

12901148_656168114522035_1347955853433903212_o12472276_1700965993513980_5741040469807205726_n12439104_656168894521957_5565957040285060099_n

Foar de 5 útfieringen ein maaie 2016 wurdt der op dit stuit drok vergaderd, repeteerd en binne de decormakers hiel drok yn de weer om der in prachtich gehiel fan te meitsjen.

Sjoch by foto’s “Romeo en Julia … mar dan oars”om alfest un lytse indruk te krijen.