“Fantasten en Stjonktsyskes”

13 Mar 2017 “Fantasten en Stjonktsyskes”

De Fryske Krite fierde ôfrûne wykein twa kear har comedy “Fantasten en Stjonktsyskes”. Nei maandenlang repetearje koe de ploech dan einlings it poadium op.

De Fryske Krite Boalsert wie troch De Krite yn Din Helder útnoege om dizze útfiering dêr te kommen opfieren. Dit wie fansels foar de groep in moaie útdaging, om’t op sneon 11 maart de útfiering yn Boalsert wie. Gelokkich koene wy de Ofslútdyk om fjouwer oere wer oer en wie alle rommel dêr opromme, neidat in frachtwein in botsing hie hân mei huisvuil.
It waar in prachtich optreden mei in grutte groep Friezen om útens.

In diel fan it dekôr gie mei nei Din Helder en moast ek wer mei werom nei Boalsert. Op sneon waard dit troch in groep entûsjaste frijwilligers wer opboud yn ús Gebou. Sa’n njoggentich persoanen kamen dêr sneontejûn nei ta en ek dizze kear waard it wer in geweldich optreden. Der waard in hiel soad lake en goed spile. Geweldige útspraken en situaasjes. Der waard in soad fantaseerd en de hushodster fan pastoar strooide ryklik mei stjonktsyskes.

Kommende sneon 18 maart binne der noch twa útfieringen fan dizze prachtige comedy yn it Frysk.
Op sneontemiddei is der om 14.00 oere in matinee en ferwachtsje wy soad âldere leden. Tidens it skoft is der in verloting mei in soad moaie prizen.

Om 20.00 oere is de lêste útfiering. Ek yn dit skoft is der in ferlotting. De priiswinners wurde nei ôfrien fan de útfiering bekend makke. In geweldige verloting, dy mooglik makke is troch un soad winkeliers yn Boalsert. Wy binne as Fryske Krite Boalsert dan ek hiel tankber foar dit gulle gebear fan dizze bedriuwen.

Nei ôfrin is der ’s jûns noch muzyk fan troubadour Murk Aukema en kinne de fuotsjes noch efkes fan de flier.

Wy meie op syn heechst 120 persoanen binnenlitte yn ús Gebou en de foarferkeap is prima ferrûn.
Om teloorstelling te foarkommen, kinne jo kaartsjes reservearje fia info@fryskekriteboalsert.nl


Foto: Henk Tigchelaar