Fantastyske “Fantasten en Stjonktsyskes”

20 Mar 2017 Fantastyske “Fantasten en Stjonktsyskes”

Sneon 18 maart fieder de Fryske Krite Boalsert har lêste útfieringen op fan dizze maitiid. Middeis wie it matinee, wêr’t noch wol wat mear minsken hiene komme kinnen, mar jûns wie it folle bak, oftewol útferkocht.
Meindert van der Wâl winske de minsken fan herte wolkom en frege oan it begjin efkes oandacht foar in spesjale gelegenhied. Hy ferwolkomde spesjaal Lies Stienstra-Veldman en frege har efkes nei foaren te kommen. Foar har wurk foar de Fryske Krite waard Lies beneamd ta Lid fan Fersjeentte. Jierrenlang wie sy de ynstekkster en regelde sy de verloting. In soad oeren hat hja as frijwilligster har wurk dien. Fanwege har sûnens kin hja dit net mear dwaan en dêrom hat it bestjoer yn har gearkomste besletten Lies dizze spesjale titel te jaan. Sy krige út hannen fan de skathâlder in oarkonde en út hannen fan de skriuwer in moai boeket.

Dêrnei wie it oan de spilers om harren keunsten ta toniele te bringen en it waard op ‘e nij in fantastyske útfiering. Yn it publyk sieten sels minsken út Nijelamer dy’t yn july dit stik opfiere sille. Der waard in hiel soad lake en applaudisseerd.

Nei ôfrin wie de trekking fan de lotterij. Grandioas hoe de Bolswarder winkeliers prizen beskikber steld hiene. Fan skoanleppel oant saunabon, fan pakket fan de slachter oant weardebon foar twa nachten yn in trekkershut, ynklusyf moarnsbrogge, in hiele soad waerdebonnen, tefolle om op te neamen. Betanke dêrfoar Bolswarder middenstan.
Mei de muzyk fan troubadour Murk Aukema koene de fuotsjes noch efkes fan de flier.
Op sneintemoarn wie der wer in groep frijwilligers aktyf om it dekôr ôf te brekke en ús Gebou wer netsjes op te leverjen.

Wy kinne weromsjen op fjouwer fantastyske útfieringen en hoopje yn novimber in stik op de planken te setten foar jongeren.
Hâld dêrfoar ús prachtige fernijde webside www.fryskekriteboalsert.nl goed yn de gaten.

Betanke elkenien dy mei holpen hat oan dit sukses.