Sneon 18 maart fierde de Fryske Krite Boalsert har lêste útfieringen op fan dizze maitiid. Middies it matinee, wêr’t noch wol wat mear minsken bij kinnen hieden, mar ’s jûns wie it folle bak, oftewol útferkocht.
Meindert van der Wâl hiet de minsken fan herte wolkom en frege oan it begjin efkes oandacht foar in spesjale gelegenhied. Hy ferwolkomde spesjaal Lies Stienstra-Veldman en frege har efkes nei foaren te kommen. Foar har wurk foar de Fryske Krite waard Lies beneamd ta Lid fan Ferstjeente. Jirrenlang wie sy de ynstekkster en regelde sy de ferlotting. In soad oeren hat hja as frijwilligster har wurk dien. Fanwege har sûnens kin hja dit net mear dwaan en dêrom hat it bestjoer yn har gearkomste besletten Lies dizze spesjale titel te jaan. Sy krige út hannen fan de skathâlder in oarkonde en út hannen fan de skruiwer in moai bos blommen.