De Jongerein fan De Fryske Krite Boalsert spilet de klucht “In Klasse Apart”

25 May 2017 De Jongerein fan De Fryske Krite Boalsert spilet de klucht “In Klasse Apart”

Yn de maitiid is it in tradysje dat De Fryske Krite Boalsert har jierlikse útfiering spilet yn ús Gebou oan it Broereplein.
Dizze kear gean wy foar in útfiering fan de jongereien yn de hjerst. De Fryske Krite wol fernije en hat hjirby dus de help nedich fan de jongerein.

It lêste heal jier de jongerein ûnder lieding fan regisseuse Bo Veldman hiel hurd wurke oan in jeugdstuk, skreaun troch Simy Sevenster.
It spilet him ôf wilens de diploma útrikking oan it ein fan it skoallejier en hjiryn spielje komyske mominten de haadrol.

Der binne dizze kear twa útfieringen, t.w. sneontemiddei 11 novimber it matinee om 14.00 oere en ’s jûns de útfiering om 20.00 oere.
Yn ut skoft fan de útfieringen hâlde wy in ferlotting en der is op sneontejûn muzyk fan Jeen Waterlander.

De foarferkeap is op freed 10 novimber fan 19.00 oant 20.00 oere yn ús Gebou.
Leden binne dizze kear fergees en net-leden betelje € 5,= per persoan.
Ek kinne jo kaarten fia de mail bestelle: info@fryskekriteboalsert.nl
Jow dan wol efkes oan of jo middies of juns komme.