In Klasse Apart
Ja, dat wie de útfiering troch de jongereien fan de Fryske Krite Boalsert.
Sneon 11 novimber fierden dizze jongeren de klucht “In Kasse Apart”, skreaune troch Simy Sevenster, twa keer op. De middeis wils it matinee wiene der in lytse fjirtich minsken, mar jûns wie ús Gebou hielendal fol mei taskôgers. Der moasten sels stuollen by set wurde. âlders, pakes en beppes, freonen en freondinnen, sponsoaren, leden fan de Fryske Krite, hja kamen yn grutte getale.
Foarsitter Ida Postma iepene de middei en de jûn en om’t it in orizjinele diploma útrikking wie, waard der begûn mei it sjongen fan it Fryske folksliet. Under lieding fan regisseuse Bo Veltman waard der in geweldige útfiering op it toaniel setten. Giene de repetities yn it begjin wat stroef, it einresultaat mocht der wezze. Der is ôfgryslik soad wurk ferset troch de hiele groep. Ferskate jongeren fûnen it earst slim om yn it Frysk toaniel te spieljen. Yn it begjin moast der in hiel soad by geschaafd wurde. Twa jonge spilers krigen it Frysk wier net ûnder de knibbel en foar harren waard de tekst yn it Nederlânsk omset. Dit joech it gehiel wat spesjaals.
Conrector Cees moast de diploma útrikking dwaan, om’t de rektor ôfwêzich wie fanwege de berte fan een lytse poppe. Hy waard troch de learlingen drekt al utskolden foar pedofiel. De conrector koe faak syn hannen net thús hâlde by it froulik skoon. Tusken de diploma útrikking wiene der flash backs fan de ferskate learlingen. It joech in aparte sfear trochdat it ljocht op it toaniel blau kleurde en jo de spilers yn in mist seachen dat sy mei elkoar in oare posysje innamen op it toaniel. Ek hiel slim ûnferwachte wie it dat de spilers regelmjittich op de foarste rige yn de seal sieten en reageerden op de taspraak fan de conrector.
In stik wat hiel fan dizze tiid wie. Sênes mei stuff rokers, in conrector dy it mei in learling en de skjinmakster oan pappe, in asielsiekster, ryk en earm, seks, winkeldiefstal, in slim gesin mei in heit dy’t oan de drank is. Prachtich nei foaren brocht en men krige de seal ferskate kearen oan it leitsjen.
Mei grutte tank oan regisseuse Bo Veltman, spilers Rids, Mees, Chris, Ilse, Sterre, Iris, Annemijn, Renée, Swarte lyster, Bern en Rutger, ljocht en lûd Albert Keizer. Wat hawwe hja der mei syn allem in geweldige middei en jûn fan makke.
Tidens it skoft wie der in ferlotting en de priiswinners waarden nei ôfrin bekend makke. Dêrnei koene de fuotsjes noch efkes fan de flier mei muzyk fan Jeen Waterlander.