De Fryske Krite kaam dizze kear twa kear op sneon yn aksje yn ús Gebou oan it Broereplein. Wie de seal de earste sneon op 10 maart foar trijekwart fol, op sneon 17 maart wie de útfiering útferkocht.
Foardat wy yn ús Gebou dizze klucht opfierden, wie de try-out yn Blomkamp. De Fryske Krite kaam nei de minsken ta, dy’t minder mobyl binne en Blomkamp fûn dit in prima idee. In soad rolstoelgebrukers kamen dêrfoar nei de kapel ta. In prachtige lokaasje om hjir de try-out op te fieren. De Fryske Krite dankt de minsken dan ek dat dit mooglik wie.
We keazen foar twa kear op sneontejûn, om’t wy lang net alle minsken op ien jûn ta kinne litte, om’t der mar plak is foar rom hûndert minsken.
De lêste moannen waard op meardere plakken drok repeteerd. Us regisseur Hendrik Heerschop moast spitigernôch troch sykte healwei de repetities ôfheakje, mar soarge foar in hiele goeie vervangster yn de namme fan Elske Roorda. Sy hat it prima opnommen en hat derfoar soarge dat alle spilers in prachtich stik op it toaniel brochten. In klucht yn trije bedriuwen, skreaun troch Erich Koch en yn it Frysk oerset troch Geert Hager.
Om’t Pake net altyd serieus nommen waard en ek wol faak wat verjit, ûntstiene der komyske situasies, ferkleidpartijen en gedaanteverwisselingen. Mar Pake hie wol deeglik yn de gatten dat Baron Felix net de man wie dy hy foar die komme. Op it ein kaam alles dochs noch goed. Spilers yn dizze klucht wiene Rids, Greetje, Sjoukje, Elbrich, Cees, Chris, Peter en Meindert.
Yn ut skoft wie der in ferlotting. De priiswinners waarden nei ôfrien fan de útfiering bekend makke. In geweldige verloting, dy mooglik is makke troch un soad bedriuwen yn Boalsert. Wy binne as Fryske Krite Boalsert dan ek hiel tankber foar dit gulle gebear fan dizze bedriuwen.
Troch meiwurking fan ferskate frijwilligers binne de jûnen ta in grut sukses wurden en koe us foarsitster Ida Postma nei ôfrin de minsken betankje foar har ynset en de goeie ôfrin. Dêrnei koene de fuotsjes noch efkes fan de flier mei muzyk fan troubadour Murk Aukema.
De kommende tiid giet De Fryske Krite wer oan de slach mei in stik foar de jongerein, hokker wy yn novimber op de planken hoopje te bringen.
De foto’s binne fan: Leo Veldhuizen