Neat is suver ……..
De Fryske Krite Boalsert kaam yn it wykein fan 15 en 16 maart op de planken mei it stik “Neat is suver in de Kringloop”. In blijspel skreaun troch Peter Damen en yn it Frysk oerset troch Abele Krist.
De try-out wie al earder yn de kapel fan Bloemkamp, wêr gâns bewenners fan it verpleeghuis nei ta kamen. Ofroene wykein waard der trije kear in útfiering jûn. Op de freedtejûn hiene wy wol wat mear minsken ferwachte, mar wy kamen der efter dat der ek in stik waard opfierd yn it Marne. Op sneontemiddei wie der it matinee wêr un soad âlderen nei takamen. In goed folle seal en de oanwêzige minsken hawwe fêst genoaten.
Op sneontejûn wie der in útferkochte seal. It maksimum oantal minsken dy wy dan kwa feiligens meie talitte wie dy jûn berikke. Sunt septimber hawwe wy op meardere plakken kinne repetearje. Earst wie dat yn it lytse sealtsje fan Elim, mar letter mochten wy gebrûk meitsjen fan de “alde” kantine fan Sc. Boalsert. Dêr mochten wy ús spul hieltyd stean litte, wat fansels prachtich wie. ôfrûne wike hawwe wy alles nei ús Gebou brocht, koene wy dêr alles opbouwe en waard op tongersdeitejûn de generale rippetysje hâlden.
Fol goede moed giene wy foar de trije útfieringen en dizze wiene prima. Wat waard der goed spile en de reaksjes út de seal wiene geweldig. De kening en keningin komme op besite yn Boalsert en komme ek in besite bringen yn de kringloopwinkel. Dat is fansels in publyk geheim en de kringloopwinkel is dan ek yn alle steaten en de winkel wurdt besocht troch ferskate minsken fan allegear soart folk. De manager fan de kringloopwinkel hat de hannen fol om alles yn goede banen te liden.
Spilers by dizze útfiering wiene Lysbeth, Egbert, Ida, Greetje, Sjoukje, Johan, Rids en Lucky en ûnder lieding fan regisseur indrik Heerschop. In ut skoft wie der in ferlotting. De priiswinners waarden nei ôfrien fan de útfiering bekend makke. In geweldige ferlotting, d’yt mooglik makke is troch middenstanders yn Boalsert. Wy binne as Fryske KriteBoalsert dan ek hiel tankber foar dit gulle gebear fan dizze bedruwen. Ytoch meiwurking fan ferskate frijwilligers binne de jûnen in grut sukses wurden en koe skathâlder Meindert nei ôfrin de minsken betankje foar harren ynset en de goeie afrin. Dernei koene de fuotsjes noch efkes fan de flier mei muzyk fan Jan Houwer en Johan Bekema.