Vera, de Fekke

10 Oct 2019 Vera, de Fekke

   

   

“Vera de Fekke”
Mei gâns maatregels, yn ferbân mei de koroana krisis, hawwe wy as bestjoer miend dochs ús útfieringen troch te moatte litte gean. Mei aksjes lykas wikseljen fan jûn, de nedige hygiëne maatregels, stuollen delsetten mei tuskenromte koene wy rom foldwaan oan de noarmen fan it RIVM. Ekstra handwaskmiddels delsetten en by de w.c.’s oanjûn hjirfan gebrûk te moatte meitsjen. Wy hawwe der gjin wier feest fan makke, mar hawwe meardere minskenstochs in moaie jûn oanbean wêrfan hja koene genietsje.

De Fryske Krite Boalsert kaam dus op freed- en sneontejûn op de planken mei it stik “Vera de Fekke”. In blijspul skreaun troch Stephens en Linton en yn it Frysk oerset troch Lammert Dijkstra. In flitsend blijspul mei leagens, wikselingen, fertinkingen, ferkearde interpretaties, wisseling fan persoanen en oare gekke situaasjes.
De try-out wie op tongersdeitejûn. Om’t wy net in echte oefenromte hawwe wêr wy it dekôr kinne delsette, waard der op woansdeitejûn foar it earst repeteerd fanút it dekôr. In prachtich dekôr wat makke wie troch Sietze.
Moanelang wie der oefene mei in moaie groep minsken. Hiel bliid wiene wy mei ús nije spilster; Silke. Wolst ek wol meispilje by de Fryske Krite Boalsert, dan kinsto do fansels altyd efkes by ús oanmelde. Benammen jongeren binne fan herte wolkom.
Dizze kear wiene der dus twa oanpaste útfieringen. Op freed waard minsken frege dy op sneon soene komme, te wikseljen mei de freedtejûn. It matinee, wêr in soad kwetsbare âlderen komme, hawwe wy litte ferfalle.
Ek dit seizoen hawwe wy wer op meardere plakken moatte repetearje, om’t de gemeente SWF systematysk, de ferieningen yn Boalsert, oan it elimineren is.. Slim spitich datsto yn Boalsert net in plak hast wêrsto goed kinne oefenje en datsto dêr it dekôr mei litte stean.
ús spilers en spilsters hawwe der in prachtich optreden fan makke. ûnder lieding fan regisseur Hindrik Heerschop hawwe Cees, Greetje, Lucky, Egbert, Meindert, Sjoukje, Rids, Silke, Johan en Ida in prachtich stik op de planken set. It ljocht en lûd waard goed fersoarge troch Nolke, Yvette die de grime en ûnder lieding fan Johan die it barpersoniel hiel goed wurk.
Nei ôfrin waarden de spilers betanke en wie der in spesjaal wurdsje foar Cees, dy’t der nei tsien jier mei stoppet.