Wy sikje spielers …..

18 Aug 2021 Wy sikje spielers …..

Behearst do de Fryske taal?  Bisto tusken de 16 en 80 jier? En hâldst do fan toanielspylje? Lês dan fierder!

Elk jier komt de Fryske Krite Boalsert yn de moanne maart mei in pear foarstellingen op de planken.
Meastal bart dat yn ús Gebou oan it Broereplein yn Boalsert.
Dêrfoar ha wy fansels wol spilers nedich. Wy wolle graach yn maart 2022 wer in prachtige útfiering hâlde. Dêrfoar hawwe wy noch wat spilers nedich, mar dan benammen mannen.
De repetisjes sille begjinne yn novimber 2021.
Alle oanmeldingen binne wolkom. It is nammentlik moai  foar it bestjoer om in ferskate wiidweidige spilerslist te hawwe fan minsken dy ree binne mei te dwan. Sa kinne  wy elk jier in gaadlik stik út sykje en dêrby de krekte spilers selektearjen.
Liket it dei aardich om troch ús benaderd te wurden?
Stjoer dan in mail nei info@fryskekriteboalsert.nl mei dyn namme, slachte, leeftyd, wenplak en in aardige foto.

Wy hoopje fan herte dat wy dyn opjefte meie ûntfange!

Bestjoer Fryske Krite Boalsert