Nei in tal jierren gjin útfiering te hawwe spile fanwege de korona, binne wy no dochs fol frisse moed oan de slach gien om yn maart 2023 dochs ús útfieringen wer op te pakken.
It bestjoer hat de koppen by elkoar stutsen en wy hawwe no besletten in nij stik út te sykjen. Dêr wiene wy fêst yn slagge en it soe in komyske útfiering wurde. Dochs kaam der in kink yn de kabel, om’t wy in manlike spiler tekoart kamen. Dus hawwe wy der dizze kear foar keazen om trije ienakters op ien jûn te spieljen en wy hawwe der sin yn ……
Under lieding fan ús nije regisseur Theun Ram en in tal nije spilers binne wy ein oktober begûn mei de repetities. Wy hawwe gelokkich in moaie romte fûn wêr wy mei elkoar kinne repetearje.
Wy hawwe foar maart 2023 ús Gebou wer foar in hiele wike hiere kinne, sadat wy oan it begjin fan de wike it dekôr, it lûd en ut ljocht op bouwe kinne en sa de jûnen foar de útfieringen hjir repetearje kinne.
De útfieringen binne op freed 24 en sneon 25 maart 2023 om 20:00 oere.
Op tongersdeitejûn 23 maart is de foarferkeap fan de kaarten.
Kaarten kinnen ek besteld wurde via info@fryskekriteboalsert.nl
Ferjit net de namme c.q. bedriw te fermelden en foar welke joen.
Spile sille wurde:
“In Rook fan kamperfoelje”, Jean Lenox Toddie, vertaling Gurbe Dijkstra
“Griemerij mei omtinken”, Marsha Regensburg, vertaling Lammert Dijkstra
“Falsk Alarm”, Lieke de Groot, vertaling Gurbe Dijkstra- “In Smook fan kamperfoelje”
Yn ut skoft is der in grutte ferlotting en op sneontejûn is der ek muzyk fan Piet Rinsma.
Jo binne fan herte wolkom.
Bestjoer Fryske Krite Boalsert.
Suggesties voor verbeteringen? Mail: info@oersethelp.nl.
(En dat mei fansels ek yn it Frysk!)
sjoch ek ris op Taalhelp.frl
Deze website blijft altijd in ontwikkeling
Oersethelp helpt u snel en gratis een tekst te vertalen in of uit het Fries. Plak de tekst in het venster en druk op de knop “Nederlands nei Frysk” of op “Frysk naar Nederlands”. Ogenblikkelijk verschijnt de gewenste vertaling.
N.B.: de vertaling wordt automatisch gegenereerd, het is altijd aan te bevelen om die nog even na te (laten) kijken.
Oersethelp helpt jo fluch en fergees in tekst oer te setten yn of út it Frysk. Plak de tekst yn it finster en druk op de knop “Nederlands nei Frysk” of op “Frysk naar Nederlands”. Fuortendaliks ferskynt de winske oersetting.
N.B.: de oersetting wurdt automatysk generearre, it is altyd oan te rieden om dy noch efkes nei te sjen.
We giene fol frisse moed oan de slach foar in nije útfiering yn maart 2022.
Wy hiene in pear nije spilers, in nije regisseur en in plak dêr ‘t wy repetearje koene en ús dekôr stean litte mochten.
Dus gongen we oan de slach…
Spitigernôch krigen wy mei tsjinslaggen te meitsjen kwa corona. We mochten net mear mei-inoar by elkoar komme en der kaam op ‘e nij in lockdown.
Doe’t we wer foarsichtich repetearje mochten, melde ien fan de haadrolspilers dat er ferskate wiken net repetearje koe fanwegen syn wurk en hawwe we as bestjoer, tegearre mei de regisseur, de koppen byinoar stutsen om te sjen wat we fierder dwaan koene.
Spitigernôch ha we doe beslute moatten – myn pine yn ús hert – om de útfiering fan maart 2022 net trochgean te litten. De tiid fan repetysjes waard te koart en we koene net sa gau in nije haadrolspiler fine.
We ha noch efkes tocht om de útfiering te fersetten nei novimber 2022, mar dat paste net yn it programma fan ús nije regisseur.
Dus ha we ús útfiering ” De kat yn de kelder ” ferskowe moatten nei maart 2023.
Wy hoopje op begryp fan ús leden en sponsoaren.
Bestjoer Fryske Krite Boalsert.