Tankewol …

27 Mar 2023 Tankewol …

Wat in grandioas top wykein hawwe wy efter de rêch!

Yn it wykein fan 24 en 25 maart ha wy as Fryske Krite Boalsert trije ienakters opfierd:

“In rook fan Kamperfoelje” fan Jean Lenox Toddie, oersetting Gurbe Dijkstra
Spile troch: Marjan, Sjoukje en Ida.

“Griemerij mei oantinken” fan Marsha Regensburg, oersetting Lammert Dijkstra
Spile troch: Lucky en Greetje.

“Falsk Alarm” fan Lieke de Groot, oersetting Gurbe Dijkstra
Spile troch: Silke, Marijke, Johan en Henk.

Regisseur: Theun, Ljocht en lûd: Nolke, ynstekster: Annie
Nei ôfrin wie der muzyk fan Piet Rinsma
De grutte ferlotting waard mooglik makke troch de Boalserter sakenlu.

Dankewol oan elkenien dy mei hat wurke, tank oan alle sponsors dy dit mooglik makke ha en fansels tank oan elkenien dy’t ús hat besocht!
Sûnder jimme allegearre kinne wy dit net.
Dêrom binne jo sa wichtich.

Wolle jo ek lid wurde fan de Fryske Krite?
Wolle jo ús ek sponsere?
Wolle jo ek meispielje?
Mail dan nei: info@fryskekriteboalsert.nl


sjoch ek ris op Taalhelp.frl

 


Deze website blijft altijd in ontwikkeling


Oersethelp helpt u snel en gratis een tekst te vertalen in of uit het Fries. Plak de tekst in het venster en druk op de knop “Nederlands nei Frysk” of op “Frysk naar Nederlands”. Ogenblikkelijk verschijnt de gewenste vertaling.
N.B.: de vertaling wordt automatisch gegenereerd, het is altijd aan te bevelen om die nog even na te (laten) kijken.


Oersethelp helpt jo fluch en fergees in tekst oer te setten yn of út it Frysk. Plak de tekst yn it finster en druk op de knop “Nederlands nei Frysk” of op “Frysk naar Nederlands”. Fuortendaliks ferskynt de winske oersetting.
N.B.: de oersetting wurdt automatysk generearre, it is altyd oan te rieden om dy noch efkes nei te sjen.