14 Jan 2023 Repetities

Repetities

Der wurdt al drok oefene foar de útfieringen yn maart 2023.

Wy hawwe in moaie romte fûn yn ôfslach 18 wêr wy ûnder lieding fan regisseur Theun Ram de trije inakters foarm jaan kinne. Dizze kear dus wat oars. Wy spielje net 1 stik, mar 3 ienakters.

Wy winsken de spielers/spielsters in soad sukses mei de tariedingen.

 

20 Dec 2022 Wy binne op syk nei …

Wy binne op syk nei …

Wa komt ús bestjoer fersterkje?

Dêr ús skathâlder nei 15 jier aktyf te west hawwe yn ús bestjoer hat hy oanjûn dat hy per 1 jannewaris 2023 stoppet as bestjoerslid. Dêr wy net sûnder skathâlder kinne binnen ús bestjoer is Johan Nijholt ree fûn de taak fan Meindert van der Wâl oer te nimmen.

Dêrtroch binne wy op syk nei in nij bestjoerslid Algemiene Saken.

Liket it dei aardich om ús bestjoer te gean fersterkje, meld die dan oan fia: info@fryskekriteboalsert.nl

Graach sjogge wy dyn reaksje temjitte.

Bestjoer Fryske Krite Boalsert

9 Feb 2022 Utfierings maart 2023

Utfierings maart 2023

Nei in tal jierren gjin útfiering te hawwe spile fanwege de korona, binne wy no dochs fol frisse moed oan de slach gien om yn maart 2023 dochs ús útfieringen wer op te pakken.
It bestjoer hat de koppen by elkoar stutsen en wy hawwe no besletten in nij stik út te sykjen. Dêr wiene wy fêst yn slagge en it soe in komyske útfiering wurde. Dochs kaam der in kink yn de kabel, om’t wy in manlike spiler tekoart kamen. Dus hawwe wy der dizze kear foar keazen om trije ienakters op ien jûn te spieljen en wy hawwe der sin yn ……

Under lieding fan ús nije regisseur Theun Ram en in tal nije spilers binne wy ein oktober begûn mei de repetities. Wy hawwe gelokkich in moaie romte fûn wêr wy mei elkoar kinne repetearje.

Wy hawwe foar maart 2023 ús Gebou wer foar in hiele wike hiere kinne, sadat wy oan it begjin fan de wike it dekôr, it lûd en ut ljocht op bouwe kinne en sa de jûnen foar de útfieringen hjir repetearje kinne.

De útfieringen binne op freed 24 en sneon 25 maart 2023 om 20:00 oere.
Op tongersdeitejûn 23 maart is de foarferkeap fan de kaarten.

Kaarten kinnen ek besteld wurde via info@fryskekriteboalsert.nl
Ferjit net de namme c.q. bedriw te fermelden en foar welke joen.

Spile sille wurde:
“In Rook fan kamperfoelje”, Jean Lenox Toddie, vertaling Gurbe Dijkstra
“Griemerij mei omtinken”, Marsha Regensburg, vertaling Lammert Dijkstra
“Falsk Alarm”, Lieke de Groot, vertaling Gurbe Dijkstra- “In Smook fan kamperfoelje”

Yn ut skoft is der in grutte ferlotting en op sneontejûn is der ek muzyk fan Piet Rinsma.

Jo binne fan herte wolkom.

Bestjoer Fryske Krite Boalsert.

Suggesties voor verbeteringen? Mail: info@oersethelp.nl.
(En dat mei fansels ek yn it Frysk!)


sjoch ek ris op Taalhelp.frl

 

 

 

 

 


Deze website blijft altijd in ontwikkeling


Oersethelp helpt u snel en gratis een tekst te vertalen in of uit het Fries. Plak de tekst in het venster en druk op de knop “Nederlands nei Frysk” of op “Frysk naar Nederlands”. Ogenblikkelijk verschijnt de gewenste vertaling.
N.B.: de vertaling wordt automatisch gegenereerd, het is altijd aan te bevelen om die nog even na te (laten) kijken.


Oersethelp helpt jo fluch en fergees in tekst oer te setten yn of út it Frysk. Plak de tekst yn it finster en druk op de knop “Nederlands nei Frysk” of op “Frysk naar Nederlands”. Fuortendaliks ferskynt de winske oersetting.
N.B.: de oersetting wurdt automatysk generearre, it is altyd oan te rieden om dy noch efkes nei te sjen.

 

 

 

 

We giene fol frisse moed oan de slach foar in nije útfiering yn maart 2022.
Wy hiene in pear nije spilers, in nije regisseur en in plak dêr ‘t wy repetearje koene en ús dekôr stean litte mochten.
Dus gongen we oan de slach…

Spitigernôch krigen wy mei tsjinslaggen te meitsjen kwa corona. We mochten net mear mei-inoar by elkoar komme en der kaam op ‘e nij in lockdown.
Doe’t we wer foarsichtich repetearje mochten, melde ien fan de haadrolspilers dat er ferskate wiken net repetearje koe fanwegen syn wurk en hawwe we as bestjoer, tegearre mei de regisseur, de koppen byinoar stutsen om te sjen wat we fierder dwaan koene.
Spitigernôch ha we doe beslute moatten – myn pine yn ús hert – om de útfiering fan maart 2022 net trochgean te litten. De tiid fan repetysjes waard te koart en we koene net sa gau in nije haadrolspiler fine.

We ha noch efkes tocht om de útfiering te fersetten nei novimber 2022, mar dat paste net yn it programma fan ús nije regisseur.
Dus ha we ús útfiering ” De kat yn de kelder ” ferskowe moatten nei maart 2023.

Wy hoopje op begryp fan ús leden en sponsoaren.
Bestjoer Fryske Krite Boalsert.

9 Feb 2022 Stipje de Fryske Krite Boalsert

Stipje de Fryske Krite Boalsert

Ek de Fryske Krite ûntkomt net oan de coronapandemy.
De lêste twa jier koene wy ús útfieringen net troch litte gean.

Wolst ús dochs stypje, dan kinst altyd in frijwillige bydrage stoarte op ús bankrekkennûmer by de Regio Bank Boalsert:
NL 04 RBRB 8835 8715 81.

Hertlik tank foar jo bydrage.

Bestjoer Fryske Krite Boalsert

9 Feb 2022 Steun de Fryske Krite Boalsert

Steun de Fryske Krite Boalsert

Ook de Fryske Krite ontkwam niet aan de coronapandemie.

De laatste twee jaar konden we onze uitvoeringen niet door laten gaan.

Wil je ons toch steunen, dan kun je altijd een vrijwillige bijdrage storten op ons bankrekeningnummer bij de Regio Bank:
NL04 RBRB 8835 8715 81.

 

Hartelijk dank voor uw bijdrage.

Bestuur Fryske Krite Boalsert

15 Sep 2021 Utfestifal 2021

Utfestifal 2021

Op sneon 11  septimber waard der yn it Julianapark in Utfestifal hâlden.
Ek de Fryske Krite Boalsert die hjiroan mei.
It wer wie goed en der waard in kraamke opboud mei prizen en ynformaasje.

Om’t wy naarstig op sykje binne nei nije spilers, wie der in attinsje foar minsken dy’t him hjir oanmelde op mei te spieljen yn de utfiering fan maart 2022. Wy hiene wat mear reaksjes ferwachte, mar dochs kaam der in manlike spiler by. Fia in mailberjocht hat er ek noch in froulike spielster oanmelden, sadat wy der yn earste ynstânsje fan utgean dat wy yn maart 2022 wer op de planken kinne. Dêroer letter mear.

18 Aug 2021 Wy sikje spielers …..

Wy sikje spielers …..

Behearst do de Fryske taal?  Bisto tusken de 16 en 80 jier? En hâldst do fan toanielspylje? Lês dan fierder!

Elk jier komt de Fryske Krite Boalsert yn de moanne maart mei in pear foarstellingen op de planken.
Meastal bart dat yn ús Gebou oan it Broereplein yn Boalsert.
Dêrfoar ha wy fansels wol spilers nedich. Wy wolle graach yn maart 2023 wer in prachtige útfiering hâlde. Dêrfoar hawwe wy noch wat spilers nedich, mar dan benammen mannen.
De repetisjes sille begjinne yn oktober 2022.
Alle oanmeldingen binne wolkom. It is nammentlik moai  foar it bestjoer om in ferskate wiidweidige spilerslist te hawwe fan minsken dy ree binne mei te dwan. Sa kinne  wy elk jier in gaadlik stik út sykje en dêrby de krekte spilers selektearjen.
Liket it dei aardich om troch ús benaderd te wurden?
Stjoer dan in mail nei info@fryskekriteboalsert.nl mei dyn namme, slachte, leeftyd, wenplak en in aardige foto.

Wy hoopje fan herte dat wy dyn opjefte meie ûntfange!

Bestjoer Fryske Krite Boalsert

10 Oct 2019 Vera, de Fekke

Vera, de Fekke

   

   

“Vera de Fekke”
Mei gâns maatregels, yn ferbân mei de koroana krisis, hawwe wy as bestjoer miend dochs ús útfieringen troch te moatte litte gean. Mei aksjes lykas wikseljen fan jûn, de nedige hygiëne maatregels, stuollen delsetten mei tuskenromte koene wy rom foldwaan oan de noarmen fan it RIVM. Ekstra handwaskmiddels delsetten en by de w.c.’s oanjûn hjirfan gebrûk te moatte meitsjen. Wy hawwe der gjin wier feest fan makke, mar hawwe meardere minskenstochs in moaie jûn oanbean wêrfan hja koene genietsje.

De Fryske Krite Boalsert kaam dus op freed- en sneontejûn op de planken mei it stik “Vera de Fekke”. In blijspul skreaun troch Stephens en Linton en yn it Frysk oerset troch Lammert Dijkstra. In flitsend blijspul mei leagens, wikselingen, fertinkingen, ferkearde interpretaties, wisseling fan persoanen en oare gekke situaasjes.
De try-out wie op tongersdeitejûn. Om’t wy net in echte oefenromte hawwe wêr wy it dekôr kinne delsette, waard der op woansdeitejûn foar it earst repeteerd fanút it dekôr. In prachtich dekôr wat makke wie troch Sietze.
Moanelang wie der oefene mei in moaie groep minsken. Hiel bliid wiene wy mei ús nije spilster; Silke. Wolst ek wol meispilje by de Fryske Krite Boalsert, dan kinsto do fansels altyd efkes by ús oanmelde. Benammen jongeren binne fan herte wolkom.
Dizze kear wiene der dus twa oanpaste útfieringen. Op freed waard minsken frege dy op sneon soene komme, te wikseljen mei de freedtejûn. It matinee, wêr in soad kwetsbare âlderen komme, hawwe wy litte ferfalle.
Ek dit seizoen hawwe wy wer op meardere plakken moatte repetearje, om’t de gemeente SWF systematysk, de ferieningen yn Boalsert, oan it elimineren is.. Slim spitich datsto yn Boalsert net in plak hast wêrsto goed kinne oefenje en datsto dêr it dekôr mei litte stean.
ús spilers en spilsters hawwe der in prachtich optreden fan makke. ûnder lieding fan regisseur Hindrik Heerschop hawwe Cees, Greetje, Lucky, Egbert, Meindert, Sjoukje, Rids, Silke, Johan en Ida in prachtich stik op de planken set. It ljocht en lûd waard goed fersoarge troch Nolke, Yvette die de grime en ûnder lieding fan Johan die it barpersoniel hiel goed wurk.
Nei ôfrin waarden de spilers betanke en wie der in spesjaal wurdsje foar Cees, dy’t der nei tsien jier mei stoppet.

10 Sep 2019 Algemiene jiergearkomst

Algemiene jiergearkomst

Op 23 maaie maaie waard wer ús jiergearkomste hâlden yn Elim.
Teleurstellend wie it dat der ek dizze kear mar wer san bytsje leden dizze jiergearkomste besochten.

Yn dizze jiergearkomste hawwe wy as bestjoer, tegearre mei de wol oanwêzige leden, besletten om gjin jiergearkomsten mear te hâlden.
Dêr der gjin belangstelling fan de leden mear is, kinne wy ús enerzjy better foar oare saken bewarje.
Tenei sil it jierferslach en it finansjeel ferslach digitaal of op papier nei ús leden ferstjoerd wurde.
Wy hawwe hjiryn gjin oare kar.

8 Nov 2018 Neat is suver yn de Kringloop

Neat is suver yn de Kringloop

Neat is suver ……..

De Fryske Krite Boalsert kaam yn it wykein fan 15 en 16 maart op de planken mei it stik “Neat is suver in de Kringloop”. In blijspel skreaun troch Peter Damen en yn it Frysk oerset troch Abele Krist.

De try-out wie al earder yn de kapel fan Bloemkamp, wêr gâns bewenners fan it verpleeghuis nei ta kamen. Ofroene wykein waard der trije kear in útfiering jûn. Op de freedtejûn hiene wy wol wat mear minsken ferwachte, mar wy kamen der efter dat der ek in stik waard opfierd yn it Marne. Op sneontemiddei wie der it matinee wêr un soad âlderen nei takamen. In goed folle seal en de oanwêzige minsken hawwe fêst genoaten.

Op sneontejûn wie der in útferkochte seal. It maksimum oantal minsken dy wy dan kwa feiligens meie talitte wie dy jûn berikke. Sunt septimber hawwe wy op meardere plakken kinne repetearje. Earst wie dat yn it lytse sealtsje fan Elim, mar letter mochten wy gebrûk meitsjen fan de “alde” kantine fan Sc. Boalsert. Dêr mochten wy ús spul hieltyd stean litte, wat fansels prachtich wie. ôfrûne wike hawwe wy alles nei ús Gebou brocht, koene wy dêr alles opbouwe en waard op tongersdeitejûn de generale rippetysje hâlden.

Fol goede moed giene wy foar de trije útfieringen en dizze wiene prima. Wat waard der goed spile en de reaksjes út de seal wiene geweldig. De kening en keningin komme op besite yn Boalsert en komme ek in besite bringen yn de kringloopwinkel. Dat is fansels in publyk geheim en de kringloopwinkel is dan ek yn alle steaten en de winkel wurdt besocht troch ferskate minsken fan allegear soart folk. De manager fan de kringloopwinkel hat de hannen fol om alles yn goede banen te liden.

Spilers by dizze útfiering wiene Lysbeth, Egbert, IdaGreetje, Sjoukje, Johan, Rids en Lucky en ûnder lieding fan regisseur indrik Heerschop. In ut skoft wie der in ferlotting. De priiswinners waarden nei ôfrien fan de útfiering bekend makke. In geweldige ferlotting, d’yt mooglik  makke is troch middenstanders yn Boalsert. Wy binne as Fryske KriteBoalsert dan ek hiel tankber foar dit gulle gebear fan dizze bedruwen. Ytoch meiwurking fan ferskate frijwilligers binne de jûnen in grut sukses wurden en koe skathâlder Meindert nei ôfrin de minsken betankje foar harren ynset en de goeie afrin. Dernei koene de fuotsjes noch efkes fan de flier mei muzyk fan Jan Houwer en Johan Bekema