13 Mar 2017 “Fantasten en Stjonktsyskes”

“Fantasten en Stjonktsyskes”

De Fryske Krite fierde ôfrûne wykein twa kear har comedy “Fantasten en Stjonktsyskes”. Nei maandenlang repetearje koe de ploech dan einlings it poadium op.

De Fryske Krite Boalsert wie troch De Krite yn Din Helder útnoege om dizze útfiering dêr te kommen opfieren. Dit wie fansels foar de groep in moaie útdaging, om’t op sneon 11 maart de útfiering yn Boalsert wie. Gelokkich koene wy de Ofslútdyk om fjouwer oere wer oer en wie alle rommel dêr opromme, neidat in frachtwein in botsing hie hân mei huisvuil.
It waar in prachtich optreden mei in grutte groep Friezen om útens.

In diel fan it dekôr gie mei nei Din Helder en moast ek wer mei werom nei Boalsert. Op sneon waard dit troch in groep entûsjaste frijwilligers wer opboud yn ús Gebou. Sa’n njoggentich persoanen kamen dêr sneontejûn nei ta en ek dizze kear waard it wer in geweldich optreden. Der waard in hiel soad lake en goed spile. Geweldige útspraken en situaasjes. Der waard in soad fantaseerd en de hushodster fan pastoar strooide ryklik mei stjonktsyskes.

Kommende sneon 18 maart binne der noch twa útfieringen fan dizze prachtige comedy yn it Frysk.
Op sneontemiddei is der om 14.00 oere in matinee en ferwachtsje wy soad âldere leden. Tidens it skoft is der in verloting mei in soad moaie prizen.

Om 20.00 oere is de lêste útfiering. Ek yn dit skoft is der in ferlotting. De priiswinners wurde nei ôfrien fan de útfiering bekend makke. In geweldige verloting, dy mooglik makke is troch un soad winkeliers yn Boalsert. Wy binne as Fryske Krite Boalsert dan ek hiel tankber foar dit gulle gebear fan dizze bedriuwen.

Nei ôfrin is der ’s jûns noch muzyk fan troubadour Murk Aukema en kinne de fuotsjes noch efkes fan de flier.

Wy meie op syn heechst 120 persoanen binnenlitte yn ús Gebou en de foarferkeap is prima ferrûn.
Om teloorstelling te foarkommen, kinne jo kaartsjes reservearje fia info@fryskekriteboalsert.nl


Foto: Henk Tigchelaar

24 Jan 2017 Utfiering 2017

Utfiering 2017

Yn maart 2017 wurdt it stik “Fantasten en Stjonktsyskes” opfierd yn ús Gebou.
It is in klucht yn trije bedriuwen fan Bernd Gombold en de Fryske overzetting is fan Gurbe Dijkstra.

Moars, nei it jierlijks festival fan de fanfare, wurde fjouwer manlju wekker mei in swiere holle. Al ga docht bliken, dat se oant betid yn de moarn goed stevich oan de drank sitten ha. Sadwaande ha se suver in black-out en witte se amper wat foar of achter is.
Hoe it fierder allegearre ferrint kinne jo tiidens de útfiering folgje, mar der bart fan alles …

Op sneontejûn 11 maart wie de 1e útfiering.
De oare twa útfieringen binne op sneontemiddei (14.00 oere) en sneontejûn (20 maart) 18 maart.

Leden fan de Fryske Krite Boalsert betelje € 5,= foar in kaartsje.
Foar net leden is de priis € 10,=.

23 Jan 2017 Nije leden socht

Nije leden socht

Geane jo graach nei in útfiering fan de Fryske Krite, meld jo dan oan as lid/donateur.
De kontribúsje is mar € 10,= per jier.

By de yntree fan ús útfieringen betelje jo dan gjin 12,50 Euro, maar 5,00 Euro.

Jo kinne jo oanmelde troch in briefke yn de brievebus te goaien op Snekerstraat 5-207 of in mailtsje te stjoeren nei: info@fryskekriteboalsert.nl

7 Jul 2016 1e Oerkape Iepenloftspul Fryske Krite

1e Oerkape Iepenloftspul Fryske Krite

Yn 2016 fierde de Fryske Krite Boalsert fiif útfieringen op yn de Broeretsjerke te Boalsert.
Opfierd waard it stik “Romeo en Julia … mar dan oars”
Dizze útfieringen waarden útfierd troch in flink oantal jongeren, oanfolle mei folwoeksenen.
Der is soad oefene yn de romte fan De Bron.

Hindrik Heerschop wie de regisseur fan it âlde toanielstik, wat hy yn in modern jaske hat stutsen.
Tidens dizze útfieringen fersoarge de band “Just Us” it muzikale diel en op de sneontejûn brochten hja un soad sfear yn de tinte, hokker foar de Broeretsjerke wie delsetten.
De catering waard fersoarge troch Jacob Zijlstra fan ESB Catering en MHB Events Facilities fersoarge it ljocht en lûd.
Troch Piet van der Werf – tegearre mei Sietze Ferwerda en Atte Veenstra – waard in in skitterjend dekôr makke, wêrfan Janey Robertson it achtergronddoek skildere.
De foarferkeap fan dit hiele barre rûn fia de Hema yn Boalsert.

It ynisjatyf waard stipe yn in brief fan oanbefeling troch Sander de Rouwe, (Deputearre Provinsje Fryslân), Hayo Apoteker (Boargemaster Sûdwest Fryslân) en Foppe de Haan (trainer/coach Sportclub Heerenfean).

Mei de stipe fan ferskate Stiftingen, sponsoaren en Freonen fan de Fryske Krite Boalsert is it finansjeel helber wurden om dizze útfieringen op de planken te bringen.

De Fryske Krite Boalsert hat mei dizze útfiering Boalsert op de kaart set, mar ek de toanielferiening nij libben yn geblazen.
Wy kinne weromsjen op in prachtich evenemint, wat mei gâns frijwilligers is útfierd.

5 Apr 2016 Repetitie in de Broeretsjerke

Repetitie in de Broeretsjerke

Tiisdeitejûn 5 april 2016 waard der foar it earst repeteerd yn de Broeretsjerke.
Der wurdt hurd wurke troch de ploech om der wat moais fan te meitsjen.
In miks fan jongeren en folwoeksenen ûnder lieding fan regisseur Hindrik Heerschop.

Op snein 22 maaie waard der opnei repeteerd in de tsjerke. No stoen it decor der.

DSCF6316 DSCF6314

27 Mar 2016 In de tarin nei …..

In de tarin nei …..

12901148_656168114522035_1347955853433903212_o12472276_1700965993513980_5741040469807205726_n12439104_656168894521957_5565957040285060099_n

Foar de 5 útfieringen ein maaie 2016 wurdt der op dit stuit drok vergaderd, repeteerd en binne de decormakers hiel drok yn de weer om der in prachtich gehiel fan te meitsjen.

Sjoch by foto’s “Romeo en Julia … mar dan oars”om alfest un lytse indruk te krijen.